Nijbou Teatskehûs los

© Omrop Fryslân
De nijbou fan soarchsintrum Teatskehûs yn Blauhûs kin einliks los. De finansiering fan it goed 8,5 miljoen euro kostjende gebou is rûn. De bou soe eins ferline jier al út ein sette, mar troch it bysûndere ûntwerp koste it wat mear tiid om it jild rûn te krijen.
It gebou is ûntwurpen troch arsjitekteburo Alberts en Van Huur, benammen bekend fan it Gasunygebou yn Grins. Dêr sil it ek wat op lykje.