Ierdgas tanke yn Drachten

17 jan 2008 - 18:00

Fryslân krijt der in twadde tankstasjon foar ierdgas by. It komt yn Drachten by it Q8-benzinestasjon oan 'e Curielaan yn Azeven-Súd. De gemeente Smellingerlân stelt 12.5000 euro beskikber foar de ûntwikkelingskosten.

De gemeente ûndersiket oft se sels ek auto's op ierdgas ride litte kinne. Dêrfoar wurde de prestaasjes fan de auto's metten om sa te bepalen hokker ynfloed it riden op ierdgas hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)