Miljeuaksje by skipswerf Harns

In Ingelske miljeugroep hat tongersdei by skipswerf JR Shipping yn Harns west. Se oerlangen de direksje plestik pûdsjes mei medyske floeistoffen. It guod komt fan it skip Endeavor.
Yn desimber ferlear it skip út de Harnzer float ûnderweis nei Spanje in tal konteners mei de pûdsjes. Se spielden massaal oan op 'e strannen fan Cornwall. De skipswerf sil de saak wol ûndersykje, mar feroaret de wurkwize net.