WTC bliuwt sponsor Cambuur

WTC hat sponsorkontrakt mei Cambuur ferlingd
WTC Expo Ljouwert hat it kontrakt as haadsponsor fan SC Cambuur mei twa jier ferlingd oant 2010. It bedriuw hat betrouwen yn 'e club en rekkenet derop dat de Ljouwerters in flinke stap omheech meitsje.
WTC-direkteur Andries de Jong hopet dat de nijbou fan it stadion by it WTC trochgiet. Der kinne 15.000 taskôgers yn it nije ûnderkommen. Dêr kinne dan ek moai eveneminten hâlden wurde dy't oanslute by it WTC, fynt De Jong.