Nije patrûljeboat foar it Waad

17 jan 2008 - 15:56

De haven fan Harns krijt der in 'stamgast' by. De Keninklike Maresjaussee hat in nije patrûljeboat yn gebrûk naam. De ms Glinder wurdt ynset foar de kontrôle fan it hiele Waadgebiet en hat Harns as thúshaven. De Glinder waard tongersdei by skipshelling Damen yn Gorkum doopt.

De âlde patrûljeboat wie nedich oan ferfanging ta. De nije boat is grutter, hy kin mear minsken ferfiere en kin hurder farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)