Ritsma: NK maraton Weissensee

Rintje Ritsma Foto: Martin de Jong
Rintje Ritsma docht op 30 jannewaris mei oan it iepen NK maratonreedriden op 'e Weissensee yn Eastenryk. As de wedstriid oer 100 kilometer goed giet, riidt er in pear dagen letter mooglik ek de Alternative Alvestêdetocht, oer 200 kilometer.
It is foar it earst dat Ritsma meidocht oan in titelstriid op natueriis. De mearfâldich wrâld- en europeesk kampioen (37) har wolris earder maratons riden.