Nije jongereinried yn gemeente

Nije wike tiisdei is it earste tema "jeugd en alkohol"
De gemeente Achtkarspelen krijt in jongereinried. De ynstallaasje en earste gearkomste is nije wike tiisdei. It tema is dan jeugd en alkohol. De jongereinried moat de gemeenteried advisearje oer hokker belied folge wurde moat. De jongereinleden bepale sels om hokker ûnderwerpen it giet.
De rie komt tsien kear yn it jier gear. De leden binne tusken de tolve en achttjin jier âld.