Stedhûs Snits wurdt ynpakt
It stedhûs fan Snits wurdt nije wike ynpakt. Skilders krije sa de gelegenheid de kezinen opnij yn 'e ferve te setten. It ynpakken fan it stedhûs kostet sawat in wike. It fervjen sil nei alle gedachten acht wike duorje.
Tagelyk mei de bûtenkant wurdt ek it skilderwurk yn it stedhûs sels oanpakt.