Flyers ferlieze bekerfinale

De beker gie oan de Vadeko Flyers foarby....
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe de bekerfinale ferlern. Tsjin de Tilburg Trappers waard yn Eindhoven mei 3-2 ferlern.
Nei de twadde perioade wie de stân al 3-0. Yn de lêste perioade kamen de Flyers werom. Marco Postma makke 3-1. Mei noch 40 sekonden te spyljen makke Levitin it hielendal spannend troch 3-2 te meitsjen, mar dat mocht net mear helpe.