Koördinator foar Streekmuseum

16 jan 2008 - 22:07

Pauline Kick wurdt de nije koördinator fan it Streekmuseum yn Opsterlân. Kick is al langer yn tsjinst fan it museum as frijwilliger en bestjoerslid, mar troch jildgebrek koe der eins gjin profesjonele krêft ynhierd wurde.

Troch de ferheging fan de jierlikse subsydzje troch de gemeente Opsterlân is dat no wol mooglik. Kick wurdt earst beneamd foar de perioade oant 1 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)