Van La Parra bliuwt by 't Fean

De 20-jierrige fleugeloanfaller Rajiv van La Parra hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei twa jier ferlingd. Dat hat technysk direkteur Johan Hansma bekend makke. Van La Parra tekene oan it begjin fan dit seizoen in kontrakt foar in jier mei in opsje fan noch twa jier. De klup makket no gebrûk fan dy opsje.
Van La Parra spile oant no ta njoggentjin kompetysjewedstriden foar Hearrenfean. Dêryn makke er trije doelpunten.