NDC: jild foar knipselkrante

© Omrop Fryslân
De NDC-Mediagroep yn Ljouwert hat de provinsje Fryslân en de gemeente Grins foar de rjochter dage foar it op 'e nij brûken fan krante-artikels yn knipselkranten. De provinsje en de gemeente meitsje knipselkranten, dy't foar in grut part besteane út artikels fan Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.
Krante-útjouwer NDC wol hjir in fergoeding foar. De provinsje en de gemeente Grins wolle dy net betelje.