Auto LC-kultuersjef fernield

© Omrop Fryslân
De ruten fan de autoportieren fan Ljouwerter Krante kultuersjef Asing Walthaus binne tiisdeitenacht fernield. Yn de auto wie in bryfke dellein mei útknipte letters fan in resinsje út de krante. It giet om in resinsje út de freedskrante en giet oer de film National Treasure: book of secrets.
Walthaus hat oanjefte dien fan de fernieling en is bot skrokken. Hy fielt him yntimidearre.