Hoareka wol aksje tsjin keten

16 jan 2008 - 12:09

Keninklike Hoareka Fryslân iepenet de jacht op de jongereinketen op it plattelân. Gemeenten sjogge it massaal troch de fingers dat de keten har net oan de strange hoarekaregels hâlde, wylst de kafee's dat wol gewoan dwaan moatte, seit foarsitter Baukje de Vries fan it hoarekabûn.

It Fryske hoarekabûn krijt in soad klachten fan ûndernimmers nei oanlieding fan tv-programma 'De Keet' fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)