Dochs stedsfeesten yn Dokkum

15 jan 2008 - 23:31
  • It bestjoer fan de Stedsfeesten hie tiisdei swimfesten oan om oan te jaan dat se rêden binne

De Dokkumer Stedsfeesten kinne dit jier dochs trochgean. Omdat de middenstân en de buertferienings de organisearjende stifting no temjitte komme, hat dy stifting der no betrouwen yn dat it goed komt.

Twa wike lyn makke it bestjoer fan de stifting bekend dat it barren net troch gean koe. Der is noch in hiel soad jild en stipe fan frijwilligers nedich, mar de organisaasje leaut dat der foldwaande ynset is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)