Untuchtplegers langer fêst

15 jan 2008 - 19:46

De trije man dy't fertocht wurde tsien jier lang froulju op doarpsfeesten lestich fallen te hawwen, bliuwe langer fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald.

As froulju bûten giene te pisjen, waarden se besjoen en soms ek betaaste troch de manlju. De manlju makken soms de ferljochting yn de mobile húskes stikken, sadat de froulju der gjin gebrûk fan meitsje koene. Trije manlju fan 57, 67 en 39 jier sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)