Kabinet foar Waadseestatus

15 jan 2008 - 16:20

It Kabinet set de foardracht fan 'e Waadsee foar de Wrâlderfguodlist fan 'e VN troch. Dat hat in wurdfierder fan minister Verburg tiisdei bekendmakke.

De Dútske dielsteat Hamburch stimde moandei tsjin de foardracht. De oare dielsteaten, Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein, binne wol foar. De foardracht foar it hiele Waadgebiet moat unanym wêze, oars giet de opname op 'e Unescolist mooglik net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)