Pranjic tsjin Oranje

15 jan 2008 - 16:00
  • Danijel Pranjic is troch Slaven Bilic oproppen foar de oefenynterlân tsjin Oranje

SC Hearrenfean-middenfjilder Danijel_Pranjic is troch bûnscoach Slaven_Bilic oproppen foar de oefenynterlân tsjin Oranje. Bilic hat hast allinnich mar ´bûtenlanners´ útnoege. Allinnich Luka Modric fan Dinamo Zagreb spilet yn de Kroatyske kompetysje.

De wedstriid tsjin Kroaasje is de earste fan fiif oefenduels yn de oanrin nei it EK yn Eastenryk en Switserlân. Kroaasje - Nederlân wurdt op 6 febrewaris yn Split spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)