Bashir no echt Keamerlid

Farshad Bashir: fan Ljouwerter ried de Twadde Keamer yn
Farshad Bashir fan Ljouwert is tiisdei ynstallearre as Twadde Keamerlid foar de SP. De 20-jierrige Bashir is dêrmei it jongste Keamerlid ea. Hy hat in pear jier yn 'e gemeenteried fan Ljouwert sitten.
Bashir is berne yn Kabul yn Afganistan en wennet no tsien jier yn Nederlân. Hy folget yn 'e Twadde Keamer Rosita van Gijlswijk op dy't ponghâldster by de SP wurden is.