Aksje Dockinga foar Afrika

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Dockingacollege yn Ferwert hawwe goed tûzen euro ynsammele foar Afrika. Se ferkochten bonbons yn 'e doarpen fan 'e gemeente Ferwerderadiel. Dy't it measte ferkocht, krige in priis fan in pleatslike ûndernimmer.
It jild giet nei de stichting Foreign Child. Dy helpt sechtich oarlochswezen yn Sierra Leone. De bern krije neist ûnderdak en fersoarging ek in oplieding yn it lân sels.