Regear moat Hamburch oerhelje

15 jan 2008 - 12:57
  • Unescostatus Waadsee: regear moat Hamburch oerhelje

De Nederlânske oerheid moat de Dútske dielsteat Hamburch oerhelje dochs mei te dwaan oan 'e wrâlderfguodlist foar de Waadsee. Dat seit direkteur Van Kersen fan de Waadferiening. De oanfraach moat der lykwols om lizzen bliuwe. De status moat sagau mooglik foarlein wurde oan de Unesco. Hamburch kin dan letter noch wol oanheakje.

Hamburch stipet de oanfraach net langer, sa waard moandei bekend. Reden is de útbaggering fan 'e Elbefargeul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)