Cambuur oerwaget gewoan gers

Cambuur oerwaget om dochs wer in gewoan gersfjild yn it stadion oan te lizzen. It keunstgersfjild fan no foldocht net. Spilers kleie dat it te hurd is. Fanwege it wiete waar kin der net boarstele wurde en dan wurdt de matte hurd. Ferfanging troch in oar keunstgersfjild of troch gewoan gers heart ta de mooglikheden.
Mooglik krijt Cambuur ek in nij stadion. Pama ferwachtet dêroer op syn heechst oer in healjier dúdlikens oer.