Opknapfergunning tsjerke Wier

"Opknapfergunning tsjerke Wier"
It doarp Wier krijt tastimming foar it opknappen fan 'e tsjerke. De gemeente Menameradiel wol dêrfoar in fergunning ôfjaan. De Monumintestjinst is ek akkoart mei de restauraasje.
De boufallige tsjerke kaam yn it nijs troch it lanlike televyzjeprogamma De Restauratie. Wier krige de haadpriis net en besiket no op oare wizen it jild byinoar te krijen. Der kin noch wol beswier oantekene wurde tsjin de fergunnings.