Kabinet: OK's kin wol ticht

Keamerfragen oer sluting OK's yn sikehûs fan Harns
De operaasjekeamers fan sikehûs MCL yn Harns hoege net iepen te bliuwen. Dat skriuwt it kabinet yn antwurd op fragen fan 'e SP. It MCL wol omreden fan besuniging gjin trije miljoen euro útlûke om de OK's yn Harns by de tiid te bringen. Dêrom moatte se ticht.
In soad misken binne it net iens mei de sluting. In delegaasje út Harns sil tiisdei yn De Haach protest oantekenje. Der is in petysje opsteld en der binne 11.000 hankens sammele.