200 kondoléânsjes op stedhûs

15 jan 2008 - 10:15

Goed twahûndert minsken hawwe moandei op it gemeentehûs yn Drylts it kondoléânsjeregister foar Aldert Poortema tekene. Tiisdei stiene de earsten om kertier foar achten foar de doar. De kommende dagen bliuwt it mooglik it register te tekenjen.

By it boek stiet no in kraanfûgel fan origami. In groepke bern hat dat symboal fan 'e frede makke en moandei oanbean. De 22-jierrige Poortema kaam sneon yn Uruzgan om it libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)