Dútske frou oanrand

15 jan 2008 - 10:09

In Dútske frou (24) is sneontejûn oanrand by it strân fan 'e Lemmer. Se rûn mei de hûn doe't in man har beetpakte en yn it gesicht sloech. Doe't de frou útnaaide, kaam se te fallen. De man gie op har sitten en skuorde oan har klean.

De man naaide út doe't de hûn begûn te blaffen. De plysje siket tsjûgen fan de oanranding. It giet om in lange smelle man mei in learen jas oan en in petsje op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)