Jûnsfleanen wer oanpast

"Jûnsfleanen wer oanpast"
Fan moandeitejûn ôf wurde der wer fjouwer kear yn de wike jûnsflechten útfierd fanôf fleanbasis Ljouwert. Yn wike 3 is dat oant 21.00 oere, de wiken dêrnei oant 22.45 oere, mei útsûndering fan in pear wiken.
De ôfrûne moannen is der ekperimentearre mei twa kear jûnsfleanen yn 'e wike en dan alle wiken. Mar it befalt de piloaten en ek it grûnpersoaniel net. Se kinne net yn it goeie bioritme komme.