Amelanner fynt klûs op strân

14 jan 2008 - 20:06

Jutter Piet Metz út Buren op it Amelân hat moandei op it strân in klûs fan 40 by 50 sintimeter fûn.

Metz koe de klûs net tille, sa swier. De klûs wie tichtmakke mei in kaai en in siferslot. De Burumer jutter hat de klûs mei naam nei hûs en hat de plysje warskôge. Metz tinkt dat de klûs op it strân achterlitten is, omdat it hiel heech tsjin de dunen op lei. De jutter sil sjen oft er de klûs yn oerlis mei de plysje iepen krije kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)