Gaslek Wytmarsum: 7500 euro

14 jan 2008 - 15:18

It meitsjen fan it Aldjiersdei-gaslek yn Wytmarsum hat Essent sa'n 7.500 euro koste. It nutsbedriuw besiket dy kosten werom te krijen fan de dieder.

It gaslek yn Wytmarsum ûntstie neidat der swier fjoerwurk yn in rioelput smiten wie. De plysje hat yntusken in jonge oanhâlden dy't der fan fertocht wurdt it lek feroarsake te hawwen. Fanwege it gaslek moasten sa'n 35 bewenners fan de Ulbe Hiemstrastrjitte fjouwer oeren lang har hûs út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)