Undernimmerspriis Aqua Zoo

Bistetún Aquazoo hat de Ljouwerter ûndernimmerspriis 2007 wûn
Bistetún Aqua Zoo hat de Ljouwerter ûndernimmerspriis 2007 wûn. Direkteur Wolters fan Zodiac Zoos, dêr't Aqua Zoo ûnder falt, krige de priis moandei oerlange troch wethâlder Waanders fan Ljouwert.
Aqua Zoo hat de priis krigen omdat it bedriuw goed past by de slogan fan de stêd 'Kijk dat is het mooie fan Leeuwarden'. De bistetún past goed by dy slogan omdat dy ek jierrenlang it imago hie fan 'it wurdt noait wat'.