Lichem Poortema yn Afganistan

© Omrop Fryslân
Troch it minne waar yn Afganistan is noch net dúdlik wannear't it lichem fan de omkommen korporaal Aldert Poortema út Drylts werombrocht wurdt nei Nederlân. Minister Van Middelkoop fan Definsje hat moandei sein dat de stoflike omskotten fan Poortema en de oare sneuvele militêr Schols sa gau mooglik nei Nederlân brocht wurde.
It lichem is snein fan Deh Rawod oerbrocht nei Kamp Holland yn Tarin Kowt.