Kondolearje op stedhûs Drylts

14 jan 2008 - 11:56

Hûnderten minsken hawwe moandei yn Drylts it kondoléânsje-register foar korporaal Aldert Poortema tekene. Neffens in wurdfierder fan de gemeente wie de belangstelling sa grut dat der rigen ûntstiene foar it gemeentehûs en der al gau in twadde kondoléânsjeboek nedich wie.

Om elts de kâns te jaan om te tekenjen sil it gemeentehûs ek tiisdeitejûn iepen wêze. It kondoléânsjeregister kin allinnich mei de hân tekene wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)