Plysje trapearret ynbrekkers

"Plysje trapearret ynbrekkers"
De plysje hat sneintejûn twa Snitsers fan 38 en 42 jier op 'e die betrape by it ynbrekken yn in pleats yn Kûfurderrige. De plysje hie in tip krigen de aksjes fan it duo en trof de manlju yn de pleats oan.
De ynbrekkers waarden fûn troch in plysjehûn. De manlju hiene harren ferstoppe. De Snitsers binne oanhâlden en binne foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.