Benefyt-aksje Wâldsang foar EK

Brassband de Wâldsang
Brassband de Wâldsang fan Bûtenpost hat de earste tachtich kaarten ferkocht foar in konsert op 26 april. It konsert is bedoeld om jild byinoar te bringen foar dielname fan de Wâldsang oan it Europeesk Brassband Kampioenskip yn Noarwegen.
De Wâldsang hat him begjin desimber foar it EK pleatst troch it Nederlânsk Kampioenskip te winnen. De reis nei Noarwegen kostet sa'n 800 per persoan en dat is net foar elts op te bringen.