Kondoléânsjes streame binnen

Aldert Poortema mei syn freondinne Cheryl
Op ferskate websides op ynternet komme hûnderten kondoléânsjes binnen nei de dea fan korporaal Aldert Poortema yn Uruzgan. Dy steane op de persoanlike Hyves-pagina fan de 22-jierrige Dryltster, mar ek op de webside fan syn freonengroep de Strûkedûkers wurdt ferslein reagearre.
Op de webside fan Definsje hawwe al tûzenen minsken in blyk fan meilibben jûn, der komme om de twa minuten sa'n 50 reaksjes by.