Leenstra kin nei TVM en DSB

Marrit Leenstra kin kieze út twa ploegen (foto Martin de Jong)
Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel kin nei it EK allround kieze út de TVM-ploech en de DSB-ploech. Beide teams hawwe ynteresse om har takom jier oer te nimmen. Leenstra jout sels oan dat har foarkar útgiet nei de TVM- ploech, omdat dy ploech mear allround- reedriders hat mei Wüst, Groenewold en Van Deutekom.
Leenstra waard sechsde op it EK en sy mei dêrtroch ek nei it WK allround yn Berlyn.