Undúdlikens oer penalty Sibon

13 jan 2008 - 17:59

Oer de miste strafskop fan Gerald Sibon yn de wedstriid fan Hearrenfean tsjin Utrecht waard lang neipraat. Hie Sibon him wol nimme mocht? No't Alves der net is, is Danijel Pranjic de earste man.

Neffens Sibon doarde Pranjic net, mar dat wurdt ûntkend troch de Kroaat. Neffens Pranjic hat oanfierder Dingsdag bepaald dat Sibon de penalty nimme moast. Sibon miste dêrnei de strafskop. De einstân waard 2-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)