Mid-Fryslân bliuwt koprinner

© Omrop Fryslân
Kuorbalklub Mid-Fryslân bliuwt koprinner yn de haadklasse A. De ploech út Reduzum/Grou wûn de útwedstriid tsjin Rodenburg mei 19-22.
Mid-Fryslân wie de hiele wedstryd de bettere ploech, al kaam Rodenburg yn de einfase noch werom fan 14-22 oant 19-22. Mar spannender waard it net. Marvin_Smorenburg waard topskoarder mei 6 punten. SCO wûn mei 21-17 fan VADA en is no twadde. Drachten wûn 20- 18 fan AKC en is no fyfde.