Ynbraak bedriuw Boalsert

© Omrop Fryslân
De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in ynbraak yn in bedriuw oan de Marne yn Boalsert. Op freedtejûn kaam de dieder binnen troch in net ôfsletten doar, omdat der noch wurke waard.
Binnen waarden twa doaren, dy't tagong jouwe nei it kantoar, fernield. Der binne twa klúskes mei jild en in tal weardebonnen stellen. In 47-jierrige man út Boalsert hat oanjefte dien.