Taksy yn 'e brân yn Hallum

13 jan 2008 - 17:13

De plysje hat sneontejûn assistearre by in brân yn in taksy, op in bedriuwsterrein oan de Gedempte Haven yn Hallum. Om healwei alven hinne waard de brân ûntdutsen, wêrnei de brânwacht kaam om it fjoer út te meitsjen.

Omdat in technyske oarsaak net foar de hân leit, wurdt rekken holden mei brânstifting. De technyske resjerzje sil in spoare-ûndersyk ynstelle om de werklike oarsaak te achterheljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)