Auto stellen yn Blije

© Omrop Fryslân
Twa manlju (27 jier út Marrum en 23 jier út Blije) binne sneontenacht oanholden troch de plysje op fertinking fan autodieverij. De auto wie sneontejûn stellen yn Blije. Op dat stuit siet der in oanhinger achter.
Nachts seagen plysjes de auto riden op de Lauwersseewei. Nei in koarte efterfolging koenen de twa ynsittenden op de Kwiksturt oanholden wurde. Yn de auto waard ynbrekkersark en in pistoal fûn. De oanhinger is noch poater.