Leenstra plak omheech op EK

13 jan 2008 - 13:20

Marrit Leenstra is wer in plak omheech gien op it Europeesk kampioenskip allround en stiet no fjirde. De 18-jierrige reedrydster fan Wikel waard tredde op de 1500 meter. Leenstra hold Sábliková yn in direkt duel efter har, wêrtroch se noch 6,21 sekonden foarsprong op har hat op de 5000 meter.

Wüst en Van Deutekom waarden earste en twadde op de 1500 meter en dat bliuwe se ek yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)