Kampioene 'Mens-erger-je-niet'
De njoggen-jierrige Kelly Priest út Wolvegea hat sneon it 31e nasjonaal kampioenskip 'Mens-erger-je-niet' wûn. Oan it toernoai yn Emmeloord dienen sa'n 170 minsken mei.
Kelly krige in wikselpion en twahûndert euro. Fan dat jild sil se nei alle gedachten spultjes keapje, sa sei se sels.