Sprekoere NMI yn Ljouwert

13 jan 2008 - 12:54

It 'Nederlands Migratie Instituut' begjint oare wike in sprekoere yn Ljouwert. Konsulinten fan it NMI ha hieltyd faker kontakt mei kliïnten en helpferlieners út it Noarden. Dêrom is besletten ek yn Ljouwert en Grins in sprekoere te iepenjen.

It giet yn earste ynstânsje om in perioade fan in jier. It NMI jout al sa'n 20 jier foarljochting en begelieding oan migranten dy't werom wolle nei har heitelân of in oar lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)