Grinzers winne Midwintercup

13 jan 2008 - 12:52

De Midwintercup is sneontejûn foar it earst wûn troch in net Fryske ploech. De studinteploech út Grins, Drs Vijfje, wûn it sealfuotbaltoernoai. Yn de finale wiene se nei penalty's te sterk foar Avanti. Nei tweintich minuten wie it 2-2. Erik Westra miste in penalty foar de Stienzers, wêrtroch Drs Vijfje mei 5-3 wûn.

Futsal Friesland en FVC waarden tredde. By de froulju wûn HZVV út Hoogeveen fan Oranje Nassau út Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)