Jild foar 'Woongroep 2000'

13 jan 2008 - 12:50

De stifting 'Woongroep 2000' yn Snits hat 8500 euro krigen fan it 'Fonds Verstandelijk Gehandicapten'. De stifting bout apparteminten yn it sintrum fan Snits foar minsken mei in ferstanlike beheining.

Mei it jild fan it fûns kin in part fan de ynrjochting fan de apparteminten betelle wurde. It fûns ferstanlik handikapten stipet inisjativen dy't it handikapten mooglik makket yn groepkes te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)