Van Gent hâldt op as riedslid

13 jan 2008 - 12:44

Stella van Gent, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeenterie fan Snits, hâldt op mei har riedswurk. Van Gent seit dat se de drokte fan it riedswurk net mear kombinearje kin mei har priveelibben.

It wie in dreech beslút, seit Van Gent yn in ferklearring, om't it wurk noch net ôf is. Van Gent is sûnt 2002 riedslid yn Snits. Sûnt de lêste ferkiezings yn 2006 is se fraksjefoarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)