Soad skea yn Wûnseradiel

13 jan 2008 - 12:39

Yn de gemeente Wûnseradiel is mei de jierwiksel foar hast 29.000 euro fernield. Tweintich ferkearsboerden waarden stikken makke en ek twa bushokjes yn Arum en Parregea moasten it ûntjilde.

Toch brantsjes ûntstie der foar 5000 euro skea. It gaslek yn Wytmarsum soarge foar 14.000 euro skea. In jonge hie swier fjoerwurk yn in rioelput smiten. Dêrtroch ûntstie grutte skea oan de strjitte en de haadgaslieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)