Sven Kramer oppermachtich

12 jan 2008 - 17:37

Reedrider Sven Kramer hat sneon ek de twadde ôfstân op it EK allround yn it Russyske Kolomna wûn. De 5000 meter wûn hy yn in tiid fan 6.11,78. Hy bleau de Noar Bokko foar. Dy die der 6.17,45 oer. Tredde waard Wouter Olde Heuvel.

Nei de winst op de 500 meter bliuwt Sven Kramer earste yn it klassemint. Hy makket grutte kâns op syn twadde Europeeske allroundtitel. Snein ride de manlju noch de 1500 en 10.000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)