Knibbelblessuere foar Janmaat

27 mrt 2012 - 15:34

Sportklup Hearrenfean kin dit wykein tsjin FC Grins net beskikke oer Daryl Janmaat. De ferdediger hat te krijen mei in knibbelblessuere. Freed moat in 'kijkoperaasje' útwize wat der krekt oan de hân is. Janmaat moast de lêste wiken al in tal wedstriden sjitte litte troch de blessuere.

Doke Schmidt is tsjin Grins de logyske ferfanger fan Janmaat op de posysje rjochtsefter.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)